Efkes foarstelle......
Frank de Wilt
Oangenaam! My namme is Frank de Wilt. Sûnt maart bestjoerslid fan Iepen DoEk. In moaie funksje. Sûnt myn achttjinde bin ik lid fan de toanielferiening yn myn doarp, Burdaard. Dat betsjut dat ik al mear as alve seizoenen mei myn meispilers alle moandeis rippetear om winterdeis te knallen en der mei-inoar in âlderwetske toanieljûn fan te meitsjen.
Yn myn bestjoersrol hoopje ik de skeakel tusken de amateurtoanielferieningen en Iepen DoEk te wêzen. Doe 't Iepen DoEk yn novimber 2021 oprjochte waard, hie ik in beskieden rol by de offisjele plechtichheid. Ik mocht de jûn oaninoar prate en de nije bestjoersleden oan it publyk foarstelle. Doetiids koe ik noch net tinke dat ik sels ek ûnderdiel fan dy ploech útmeitsje soe. No wol en ik hoopje mei faasje oan 'e slach te kinnen!