Skip to main content Skip to footer

Amateurkeunstfestival op 23 septimber 2023!

Dat meist net fersitte!

Op sneon 23 septimber 2023 organisearret Keunstwurk yn gearwurking mei û.o. Iepen DoEK it Amateurkeunstfestival yn Schouwburg De Lawei yn Drachten. Spesjaal foar amateurkeunstferieningen, iepenloftspullen, kulturele inisjativen, beliedsmakkers, bestjoerders, beoefeners en elkenien fan 13 jier ôf mei in leafde foar muzyk (hafabra) sang, dûns en teäter.

In  ‘Dei fan de Amateurkeunst’ nije styl. Mei dizze dei wol Keunstwurk amateurkeunstferieningen en inisjativen in flinke boost jaan by de start fan it nije kulturele amateurseizoen.

It festivalprogramma barst fan ynspirearjende workshops, nijsgjirrige lêzingen en masterclasses yn ferskate dissiplines. Dêrneist is der romte foar lekker iten, muzyk en in iepen poadium yn de grutte foyer. En om de dei ôf te sluten, in feestlike buorrel.

It evenemint duorret fan 13.00 - 18.00 oere, de entree is fergees en oanmelde ferplichte.

 

 

 

 

Cookieverklaring

Onze website maakt gebruik van cookies. Meer hierover kun je lezen in onze Privacy statement